Treinkondukteur bedrige

30 jun 2014 - 11:23
Foto: ANP XTRA

In man fan 44 jier út Grinslân is sneintemiddei oanhâlden, omdat er in treinkondukteur fan de NS bedrige hawwe soe. De man hie gjin treinkaartsje by him en de kondukteur spruts him dêrop oan. De man waard doe lilk en bedrige de kondukteur.

De lilke Grinslanner is oppakt op it treinstasjon fan Ljouwert. Dêr stie de plysje him op te wachtsjen.

Trefwurden: 
bedriging treinkondukteur
(advertinsje)
(advertinsje)