Twadde dei sinneboatrace
De Dong Energy Solar Challenge belibbet moandei de twadde dei. Om tsien oere sette de sinneboaten ôf út Grins wei. Se farre nei Sâltkamp ta. Dêr komme se tusken trije en fjouwer oere middeis oan. Dan gean de boaten op in trailer om by De Leijen wer it wetter yn te gean. Dêr begjint moandeitejûn om sân oere de etappe nei it Slingepark yn Drachten.