BAS wol ombudsman

© Omrop Fryslân
De fraksje fan BAS yn de gemeenteried fan Opsterlân wol dat der in ombudsman komt foar de boargers. Dy moat de ynwenners helpe by klachten oer de soarch. Neffens de partij is it wichtich dat hjir in ûnôfhinklik persoan foar oansteld wurdt, no't gemeenten fan 2015 ôf ferantwurdlik wurde foar de soarch.
De fraksje fan BAS fynt dat it foar boargers dúdlik wêze moat wêr't se dalik mei har klachten en fragen terjochte kinne. Yn de gemeenteriedsgearkomste fan moandeitejûn tsjinnet de partij in moasje yn oer de kwestje.