Wagenaar de bêste yn Doanjum

It partoer fan Lisette Wagenaar © awfoto.nl
Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra hawwe snein de frije formaasje keatspartij yn Doanjum op harren namme skreaun. Yn de finale wie it trijetal mei 5-3 en 6-6 te sterk foar Nynke Sinnema, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga.
De lytse preemje wie foar Marrit Zeinstra, Esther Wagenaar en Annelien Broersma, dy't yn de heale finale ferlearen fan Wagenaar en-dy.