Kontrôle op parkearde karavans

Kemper ûnderweis nei Fryslân © ANP
De gemeente Littenseradiel kontrolearret de kommende wiken ekstra op parkearde karavans, kempers, fouweinen en oare fakânsje-foertugen. Dy meie yn de gemeente maksimaal trije dagen achterelkoar op de iepenbiere dyk parkeard wurde. Stean se der langer, dan binne der minder parkearplakken foar auto's en hawwe minsken minder frij útsjoch fanút har hûs.
Neffens de gemeente kin dat yn de wenwiken liede ta argewaasje fan omwenjenden. Dêrom wurdt it tafersjoch yn de simmerperioade oanskerpe.