25 diploma's op wykeinskoalle

29 jun 2014 - 16:40

25 bern út Ljouwert ha sneintemiddei it diploma krigen fan de wykeinskoalle Baljee. De wykeinskoalle is in inisjatyf fan de stichting Het Nieuwe Stads Weeshuis en jout bern les dy't in efterstânposysje hawwe en sadwaande minder kânsen hawwe. De bern binne tusken de 10 en 14 jier en sitte yn groep 7 fan de legere skoalle oant klasse twa fan de middelbere skoalle.

Yn it earste jier fan de wykeinskoalle hawwe de bern 25 lessen op sneintemiddei folge. Se hawwe ûnderwiis krigen yn kultuer en technyk, mar ek gastlessen fan gastdosinten.

De wykeinskoalle Baljee giet takommend skoaljier gewoan troch. Njonken de komst fan nije learlingen sille 13 fan de 25 bern út it earste jier mei de wykeinskoalle trochgean.

Trefwurden: 
wykeinskoalle Baljée
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)