Grinzer sinneboat al útbaarnd

29 jun 2014 - 11:20

Noch foar de start fan sinneboatrace yn it Grinslanner Blauwestad is sneintemoarn betiid ien fan de boaten yn brân flein. Neffens de projektdirekteur fan de Dong Engergy Solar Challenge is der neat fan de boat oer. It team dat mei de boat farre soe, SDOG út Grins, kin dan ek net oan de race meidwaan.

By de brân rekke nimmen ferwûne. De oarsaak fan de brân is koartsluting. De oare 37 sinneboaten binne wol fan start gien. Omdat de sinne him mar sa út en troch sjen lit, wurdt it in spannende earste wedstriiddei.

It komt foar de dielnimmers no oan op taktyk en technyk. Fan Blauwestad ôf giet de race yn sân etappes dwers troch Grinslân en Fryslân nei Ljouwert. De finish is nije wike sneon yn de Prinsetún.

(advertinsje)
(advertinsje)