Man swier mishannele

29 jun 2014 - 10:15

De plysje hat sneontemiddei in 45-jierrige man út Frjentsjer oppakt. Hy hie in 49-jierrige plakgenoat mishannele. It slachtoffer sei dat de man yn de Ypeij-singel op him ôfrinnen kaam en him samar by de kiel pakte.

Hy foel en waard dêrnei in pear kear mei de holle tsjin de stoeprâne slein. De oanlieding foar de mishanneling is net dúdlik. Beide manlju kenne elkoar fia in mienskiplike kunde. De fertochte sit fêst op it buro.

Trefwurden: 
plysje mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)