Ungelok mei scootmobyl

29 jun 2014 - 09:52

In 84-jierrige ynwenner fan Balk is sneontejûn by it Tsjamkedykje yn syn wenplak mei syn scootmobyl heal yn de sleat rekke. Tsjûgen hearden om acht oere hinne in man roppen. Doe't se op ûndersyk gongen, troffen se de man oan. Hy lei heal ûnder syn scootmobyl. De tsjûgen hawwe him op de kant holpen.

It slachtoffer hie besocht de helptsjinsten te beljen, mar syn tillefoan wurke net. De man wie net ferwûne rekke. Meiwurkers fan de ambulânse hawwe him thúsbrocht. De brânwacht hat syn scootmobyl thús ôflevere.

Trefwurden: 
scootmobyl sleat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)