Jannick de Jong wer kampioen

Jannick de Jong is foar de twadde kear op rige Europeesk kampioen gersbaanracen wurden. Nei Bielefeld yn Dútslân yn 2013 pakte er no yn Frankryk yn St. Macaire de titel. De Gordykster wûn syn fjouwer searjes. Yn de grutte A-finale wie er wer oppermachtich. De Brit David Howe waard twadde. Dirk Fabriek fan Jobbegea helle troch in twadde plak yn de B-finale ek de lêste seis fan de A-finale.
Spitergenôch gong er dêryn ûnderút. Henry van der Steen fan Aldebiltsyl, de tredde Fries op it EK, koe gjin potten brekke.