Steenstra kening yn Holwert

28 jun 2014 - 17:04

De haadklasse frije formaasjepartij yn Holwert is wûn troch it partoer fan Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra. Se wûnen yn de finale mei 5-1 en 6-6 fan it partoer fan Martijn Olijnsma, Marten Feenstra en Pier Piersma. De lytse preemje wie foar Johan van der Meulen, Renze Hiemstra en Hylke Bruinsma. Opslagger Tjisse Steenstra waard útroppen ta kening fan de partij.

Snein wurdt der keatst yn Harns, dy wedstriid begjint om 11.00 oere yn ferbân mei de fuotbalwedstriid tusken Nederlân en Meksiko, dy't om 18.00 oere begjint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)