Soad publyk training Cambuur

28 jun 2014 - 16:15

De earste training fan Cambuur yn it eigen stadion luts sneon in lytse 1500 man publyk. De seleksje en ek de nije haadtrainer Henk de Jong wienen ûnder de yndruk fan dy grutte belangstelling. Cambuur stiet dit seizoen foar it twadde jier op rige yn de earedivyzje. De klup giet der fanút dat dizze rige trochsetten wurde sil, se gean út foar hanthavening op it heechste poadium.

Wylst it WK fuotbaljen noch folop oan 'e gong is, is de seleksje dochs bliid dat de training wer los is, se hawwe der sin oan.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur training
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)