Auto's crosse wer yn Makkum

28 jun 2014 - 15:46

Nei 16 jier stilte is sneon yn Makkum wer in autocross hâlden. De cross wie eartiids in begryp yn Fryslân en dy bekendheid is noch net fuort, want der stiene 110 dielnimmers oan de start. De hiele wike hie de organisaasje oan it skreppen west om it terrein ynoarder te krijen.

Om de nostalgy fan it Makkumer cross wer libje te litten waard der ek riden yn de saneamde demoklasse. Yn dy klasse ride auto's mei út de tiid tusken 1950 en 1990.

Trefwurden: 
Makkum autocross
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)