Ljouwert: sport betelber hâlde

28 jun 2014 - 12:50

De gemeente Ljouwert wol it sporten graach betelber hâlde. Om dat te regeljen ûndertekenet de gemeente moandei in oerienkomst, dêr't yn stiet dat gemeentlike sportfoarsjennings net neffens merkkonforme prizen ferhierd wurde meie. De Wet Markt en Oerheid skriuwt gemeenten foar dat se per 1 july foar ekonomyske aktiviteiten net langer ûnder de merkpriis sitte meie. Gemeentlike buerthuzen, sportgebouwen en ek anty-kraakwenten binne in útsûndering, om it betelber te hâlden foar de mienskip.

Gemeentlike lisplakken foar boaten, lykas by de Prinsetún, meie per 1 july net langer ûnder de merkpriis lizze.

Trefwurden: 
Ljouwert sport
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)