Folders útdield oer Cuperus

Yn 'e buert fan It Fliet yn Ljouwert wurde sneon folders útdield mei ynformaasje oer de fermiste maresjesee Sicco Cuperus. De man wenne yn dy buert. De 36-jierrige man wurdt sûnt it pinksterwykein fermist. In pear dagen nei de ferdwining is Cuperus syn auto weromfûn yn Marrum, wat er dêr moast is noch altyd ûndúdlik.
Fyftjin resjersjeurs wurkje oan de saak, mar de saak sit fêst en dêrom wurdt der no flyere. De plysje wol graach dat minsken dy't mear oer de saak witte harren melde.