Man fan de fyts trape

© Omrop Fryslân
In man fan 21 jier út de gemeente De Fryske Marren is yn de nacht fan freed op sneon yn de Wulpstrjitte op It Hearrenfean fan syn fyts trape troch twa ûnbekende manlju. It slachtoffer waard yn it steechje by de rotonde oanfallen. Neidat er fan syn fyts trape wie, krige er noch skoppen tsjin de holle.
De dieders besochten de tillefoan en fyts fan de man mei te nimmen, mar dat slagge net. Dêrop naaiden de manlju út. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.