Solar Challenge begjint

28 jun 2014 - 09:36

40 sinneboaten út Nederlân en it bûtenlân binne freed oankaam op de fiifde edysje fan de DONG Energy Solar Challenge yn Blauwestad (Grinslân). Sneontemiddei giet it evenemint echt fan start. De race ferrint yn etappes. De sinneboaten farre sprintwedstriden, lange ôfstannen, tiidwedstriden en massastarts.

De finish is takom wike sneon yn de Prinsetún yn Ljouwert. Underweis komt de karavaan ûnder oaren troch Drachten, Snits en Harns. De DONG Energy Solar Challenge is om de twa jier. De lêste winner wie ROC Friese Poort út Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)