Plysje: Deade Nijlân ûngelok

28 jun 2014 - 08:52

De persoan dy't freed dea fûn is yn in sleat oan de Trije Dyken by Nijlân, is in 42-jierrige frou út Boalsert. De plysje tinkt dat de frou net goed wurden is en mei har scooter te wetter rekke is. It slachtoffer wie ûnderweis nei har wurk yn Snits.

Famylje hat yn de rin fan de dei de plysje ynskeakele om't se net op har wurk oankaam wie. Nei in syktocht hat de plysje it lichem fan de frou yn it wetter fûn.

Trefwurden: 
Nijlân deade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)