Deade yn wetter by Nijlân

© Omrop Fryslân
De plysje hat op de Trije Dyken yn Nijlân by Snits in dea persoan yn it wetter oantroffen. De persoan is mei in scooter yn it wetter bedarre. De plysje giet út fan in ûngelok. Earder op de jûn krige de plysje in melding fan de fermissing fan in frou út 'e buert dy't freed net op it wurk ferskynd wie.
Aginten hawwe de rûte by del riden en troffen doe by Nijlân in scooter yn it wetter oan. Dêrûnder lei in persoan, dy't freedtejûn om njoggen oere hinne noch ûnder wetter lei en noch net identifisearre wurde koe.
De plysjewurdfierder kin noch net mei wissichheid sizze oft de persoan yn it wetter de fermiste frou is. De famylje is op de hichte fan de fynst. De plysje ûndersiket de saak en tinkt sneontemoarn mear ynformaasje te hawwen.