Les yn natuermuseum oer skries

27 jun 2014 - 16:59

Hûndert skoalbern hawwe freed symboalysk de skries Amalia útswaaid yn it natuermuseum yn Ljouwert. Se diene mei oan it lesprojekt 'Op avontoer by de boer'. Freed wie de ôfsluting yn it Fries Natuermuseum. Der wiene ek workshops.

Goed 1200 bern binne yn de ôfrûne twa moanne yn 'e kunde kaam mei greidefûgels en it belang fan dy fûgels foar de natuer. Se hawwe bygelyks by de boer west om te sjen wêr't greidefûgels libje. Mooglik krije de lessen takom jier in ferfolch. Der wurdt noch socht nei jild dêrfoar.

Trefwurden: 
skries Fries Natuermuseum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)