Himpplantaazje yn Ljouwert
Yn it sintrum fan Ljouwert is freed in himpplantaazje oprôle. Yn in hûs oan de Krússtrjitte stiene 350 himpplanten. De plysje kaam dêrachter troch in anonime tip. Dêrnei waard in skoft it stroomgebrûk yn it hûs byholden. De plysje siket no út wa't de ferhierder is, om de eigeners fan de himpplantaazje te achterheljen.