Studinten yn âld Fries Museum

27 jun 2014 - 13:33

De âlde gebouwen fan it Fries Museum oan de Turfmerk en de Twibaksmerk krije lang om let in nije bestimming. De Kânselarij en de oare gebouwen stean al in tal jierren leech nei de ferhuzing fan it Fries Museum nei de nijbou op it Saailân.

Yn de Kânselarij kinne studinten fan ferskate opliedings studearje. Yn de oare gebouwen komme apparteminten en kinne startende ûndernimmers in plak fine. It Fries Museum bliuwt yn it Eysingahûs. Dêr binne de stylkeamers.

De provinsje, de stifting De Kânselarij, it Fries Museum en Fryske ûnderwiisynstellings hawwe mei-inoar wurke oan it finen fan in nije bestimming fan it museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)