NDC bringt alle kranten del

De Noordelijke Dagblad Combinatie sil tenei alle moarnskranten yn Fryslân ferspriede. De NDC is útjouwer fan de Ljouwerter Krante. Neist de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd ferspriede se ek De Telegraaf en twa fergese kranten. Dêr komme no de oare moarnskranten by fan de Persgroep, lykas it Algemeen Dagblad, de Volkskrant en it Financieel Dagblad.
De nije regeling besparret de Persgroep jild en smyt de NDC jild op. Jan Deen slút as haad transport en distribúsje fan de NDC net út dat yn de takomst minder kranterinners oan it wurk binne.
Yn lytse doarpen dêr't no noch twa aktyf binne, sil tenei ien persoan de kranten delbinge. It stiet net fêst dat de NDC-kranterinner dat wurk krijt, seit Deen. De kwaliteit fan de kranterinners jout by de kar de trochslach.