Famke bedrige mei mes

© Omrop Fryslân
In 18-jierrige jonge út Surhústerfean is tongersdeitejûn oppakt, om't er in famke út it doarp mei in mes bedrige hawwe soe. It slachtoffer siet mei twa freondinnen op De Dellen op in bankje. De fertochte fytste foarby en bedrige it slachtoffer. Hy toande dêrby in mes.
De famkes hawwe de plysje belle. By syn arrestaasje hie de jonge gjin mes by him, mar wol twa xtc-pillen.