Zeinstra op 'e nij yn aksje

Erwin Zeinstra (links) by de finale fan de UEFA Europa League 2013 © ANP
Erwin Zeinstra fan Dronryp komt dit wykein op 'e nij yn aksje op it WK fuotbal yn Brazilië. Zeinstra assistearret skiedsrjochter Björn Kuipers sneon yn de achtste finale tusken Kolombia en Oerûguay.
It is it tredde optreden foar Zeinstra. Earder wie de Fries al assistint-skiedsrjochter by de wedstriden Ingelân-Italië en Frankryk-Switserlân. De wedstriid Kolombia-Oerûguay begjint sneon om 22 oere.