Blog: Fan it WK nei de Olympyske Spelen

Fan it WK nei de Olympyske Spelen.
De pûlfaze fan it WK fuotbal sit der op. Juster binne de lêste wedstriden spile yn groep H. Dat betsjut dat der hjoed foar it earst sûnt twa wiken gjin live fuotbal op de tillevyzje is. De tiid is hjir omflein. Der hawwe 48 wedstriden west, noch (mar) 16 te gean.
It is oant no ta in ferrassend WK. Wa hie bygelyks ferwachte dat Nederlân njoggen punten yn de pûl helje soe? Of dat Kosta Rika groepswinner wurde soe mei Oerûguay, mei Italië en Ingelân as tsjinstanners? In WK mei hichtepunten lykas de kopgoal fan Van Persie en mei djiptepunten lykas it biten fan Luis Suárez. En dan sizze guon minsken dat it WK no pas echt begjint!
Om’t it in rêstdei is, nim ik efkes ôfstân fan it WK fuotbal. Ik rjochtsje myn blik op de Olympyske Spelen oer twa jier, ek yn Rio de Janeiro. Der is al in protte oer sein en skreaun yn de media. Lykas by it WK fuotbal, rinne se ek foar de Spelen behoarlik achter op skema. Foar guon stadions moatte de earste peallen noch slein wurde. Hoe’t ik dat wit? Fanút ús appartemint sjogge we út op it (takomstich) Olympysk Park!
Op it terrein sels mei ik net komme, mar fan de bûtenkant sjogge je genôch om te witten dat der noch in soad barre moat. Lit ik posityf begjinne: it swimstadion dêr’t Ranomi Kromowidjojo aanst goud winne moat is klear. Dat sjocht der goed út. Dat jildt ek foar de basketbalarena, dy’t al yn gebrûk naam is foar ferskate konserten. En op it plak dêr’t wy no yn it IBC sitte, moat oer twa jier bokst en badmintonne wurde. Dy lokaasje stiet yn elts gefal en dat sil wol goed komme. Oant safier it goeie nijs wat it Olympysk Park oanbelanget.
Want sa’t jo op de foto’s sjen kinne is it fierder noch ien grutte bouput. It de fraach oft it allegear op tiid klear is. Dy fraach kinne je hast al beantwurdzje. Op it plak dêr’t it hânbalstadion komme moat, lizze no allinnich noch mar in pear sânbulten. Op it boerd dat it stadion oankundiget stiet (as ik it goed begryp) dat it op 13 novimber 2017 oplevere wurdt. Oardel jier nei de Spelen! By it stadion foar oare swimsporten (wetterpolo en keunstswimmen bygelyks) stiet opleveringsdatum 17 desimber 2016, ek in healjier te let.
Der wurdt wol dei en nacht trochwurke, want nachts hâlde de heipeallen ús wolris wekker. It sil my benije hoe’t it der hjir oer twa jier útsjocht. Soargen foar letter. Wy lûke der hjoed even op út en sille nei it ferneamde strân fan de Copacabana en it Kristus-byld dat útsjocht oer de stêd. Even genietsje en dan op nei de knockout-faze fan it WK!