Famkes gefaarliker op 'e fyts

26 jun 2014 - 17:20

Fytsende famkes binne gefaarliker op 'e dyk as fytsende jonges. Dat docht bliken út ûndersyk fan Responsible Young Drivers ûnder goed tûzen jongeren fan 12 oant 25 jier. Famkes binne faker drok mei harren mobile tillefoantsje as se op 'e fyts sitte.

Ut it ûndersyk docht boppedat bliken dat hoe âlder de jongeren wurde, hoe ûnfeiliger se fytse. Der is ek in ferskil te sjen yn it opliedingsnivo. Jongeren dy't in legere oplieding hawwe, binne gefaarliker yn it ferkear as jongeren fan in heger skoalnivo.

Deputearre Sietske Poepjes is foarsitter fan it Regionaal Orgaan Verkeerveiligheid Fryslân en wol op syk gean nei wizen om it tillefoangebrûk fan jongeren op 'e fyts te beynfloedzjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)