Klean socht foar kleanbank

26 jun 2014 - 17:02

De kleanbank fan De Jouwer is op syk nei klean en skuon. It ferlet wurdt hieltyd grutter. Allinnich op De Jouwer al binne in soad klanten. Der wurde net folle nije klean ynbrocht. De need is no sa heech dat Carla van Dijk in oprop dien hat yn de Jouster Krante. Dat hat in soad nije klean opsmiten, mar noch lang net genôch. Sa is der in grut ferlet fan manljusklean en skuon.

Van Dijk wol yn de takomst har wurkgebiet útwreidzje oer de hiele gemeente De Fryske Marren.

Trefwurden: 
De Jouwer kleanbank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)