Kofjemolke op de dyk
In frachtauto hat tongersdeitemoarn yn Ljouwert blikjes kofjemolke ferlern. De blikjes sieten yn doazen op pallets. Dy leine yn in trailer achter de frachtwein. Op de hoeke fan de Aldlansdyk en de Holstmarwei glieden de pallets fan de trailer ôf. Yn de doazen sieten tûzenen blikjes kofjemolke. Der hat sawat in oere opûnthâld west.