Strân Skylge ek ûntromme

Op Skylge hawwe Steatsboskbehear, de plysje en de gemeente ek alle minsken fan it strân helle yn ferbân mei it minne waar. Op de Noardsee binne wetterhoazen dy't tige gefaarlik wêze kinne. Earder waarden de strannen fan It Amelân ek al leechhelle.
Steatsboskbehear die op Skylge in ronde fan it Amelanner Gat ôf. De plysje en de gemeente hellen minsken fan it strân by it Heartbreak Hotel by Easterein. In sportdei op it strân by Midslân is út foarsoarch stillein.