Pakt foar swiere mishanneling

26 jun 2014 - 10:39
(stockfoto) - Foto: ANP XTRA

In ynwenner (24) fan Beetstersweach is woansdeitejûn yn Burgum oppakt op fertinking fan swiere mishanneling. De mishanneling wie ein maaie yn Drachten. De man waard al in pear wiken socht.

Yn Burgum foel er op, omdat er minsken bedrige hawwe soe op de Markt. De plysje spruts de man oan. Doe't syn identiteit kontrolearre waard, waard dúdlik dat de man socht waard.

(advertinsje)
(advertinsje)