Wetterhoazen: ûntromming strân

26 jun 2014 - 09:33

De plysje hat tongerdei op It Amelân strannen ûntromme yn ferbân mei wetterhoazen op de Noardsee. Dy kinne gefaarlik wêze. Yn 1972 en 1992 soargen wetterhoazen noch foar deadlike slachtoffers op it eilân.

In fisker seach tongersdei op de Noardsee in eksimpaar fan 400 meter yn trochsneed en hûnderten meters heech. Yn ferbân mei de feiligens binne campinggasten op It Amelân warskôge. Skoalbern moasten binnendoar bliuwe yn it boarterskertier.

Op Twitter waard tongersdeitemoarn ferkate kearen melding makke fan wetterhoazen. Se waarden sjoen fan see en fan it eilân ôf.

In wetterhoas is in slurf dy't feroarsake wurdt troch rûndraaiende lucht. As de slurf it wetter rekket, wurdt it in wetterhoas. Wetterhoazen komme wol faker foar boppe de Noardsee, de Waadsee en de Iselmar.

UPDATE: Om healwei tolven ferklearre de gemeente It Amelân de situaasje wer feilich.

Trefwurden: 
It Amelân wetterhoas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)