Waadeilannen by bêste gemeente

25 jun 2014 - 21:32

Flylân, Skylge en Skiermûntseach hearre by de bêste gemeenten fan Nederlân om te wenjen. Dat blykt út ûndersyk fan wykblêd Elsevier en Bureau Louter. Der is sjoen nei hokker foarsjennings der binne, oft der genôch wurk is en hoe't it steld is mei de feiligens. De Waadeilannen skoare benammen goed op rêst en romte en griene en blauwe kwaliteit.

Oare gemeenten yn Fryslân dy't goed skoare bin de Fryske Marren en de gemeente Súdwest-Fryslân. Neffens Elsevier wenje jo it bêste yn Rozendaal by Arnhem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)