Ferlies foar wetterpolomanlju

25 jun 2014 - 21:08
  • Ferlies foar wetterpolomanlju
  • Bûnscoach Robin van Galen
  • Teamcaptain Roeland Spijker
  • Chris Jaasma, foarsitter Stichting Friesland Waterpolo

De Nederlânske wetterpolomanlju hawwe woansdei de twadde freonskiplike ynterlânwedstriid tsjin Brazilië yn swimbad De Welle yn Drachten mei 12-8 ek ferlern. Yn de earste perioade namen de Brazilianen in 4-2 foarsprong. Yn de twadde en tredde perioade wist Brazilië de marzje te behâlden (10-7). Yn de lêste perioade kaam Nederlân noch wat tichterby, mar de Brazilianen wienen net mear yn te heljen.

It Nederlânske wetterpoloteam komt noch seis kear yn aksje tsjin Brazilië yn it ramt fan de simmertoer.

Yn de simmertoer spylje de manlju troch it hiele lân om mei wedstriden jild yn te sammeljen foar dielname oan de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro 2016.

(advertinsje)