Reza skoart foar Iran op WK

25 jun 2014 - 20:39
Reza Ghoochannejhad yn aksje tsjin Bosnië op it WK - Foto: ANP

Ald-Cambuurspiler Reza Ghoochannejhad hat woansdei by it WK fuotbal yn Brazilië foar syn ploech Iran it iennichste Iraanske doelpunt makke. Hy die dat yn de wedstriid tsjin Bosnië-Hertsegowina. Iran ferlear dizze wedstriid lykwols mei 3-1 en einiget dêrtroch as lêste yn pûl F. De Iraniërs binne dêrmei útskeakele op it WK.

(advertinsje)
(advertinsje)