Auto oer de kop op de A7
In auto is woansdeitemiddei krekt nei fiif oere in pear kear oer de kop slein op de A7 by de ôfslach De Jouwer-West. De bestjoerder rûn by it ûngelok gjin ferwûnings op. Der wie lykwols wol in soad skea oan de auto. Wat krekt de oarsaak fan it ûngelok is, koe de plysje noch net sizze.