No Surrender op fingers tikke

25 jun 2014 - 20:15

Leden fan de Fryske motorklup No Surrender hawwe harren op pinkstermoandei net oan de ôfspraken holden. Dat seit boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. De leden fan No Surrender sammelen har moarns ûnferwachts op it terrein fan de Welkoop yn Ljouwert foar in alternative motoralvestêdetocht. Ofpraat wie dat de motorriders op in oar plak byinoar komme soene.

Crone nimt de saak heech op. Neffens him hat de klup it ûnderlinge fertrouwen skeind. Hokker konsekwinsjes dat hat foar de motorklup wol Crone net sizze. Der hat al in stevich petear west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)