Finansjeel loket yn MCL
Pasjinten fan sikehûs it MCL kinne tenei mei har finansjele fragen nei in spesjaal loket. Yn dit loket krije minsken antwurd op fragen oer bygelyks de kosten fan in behanneling of it beteljen fan in faktuer. Neffens it sikehûs hawwe pasjinten faker finansjele fragen, om't se har hieltyd bewuster wurde fan de kosten fan soarch.
It finansjele loket is foarearst in proefprojekt en sil iepen wêze oant de hjerst. Dêrnei wurdt besletten oft it loket ek yn de takomst bliuwt.