Trije sinneboaten Friese Poort

De learlingen fan ROC Friese Poort dogge dit jier mei mar leafst trije boaten mei oan de Dong Energy Solar Challenge. De lokaasje Drachten docht mei mei de boat Sinnergy, Ljouwert mei de Skipper en Snits mei de Sinnefûgel. De Snitsers hawwe in namme heech te hâlden, want yn 2012 wie dizze lokaasje de bêste yn de A-klasse.
De trije teams besteane allegear út studinten fan ferskate technyske opliedings lykas Elektrotechnyk, Wurktúchboukunde, Mechatronika en Maritime Technyk. De race is fan 28 juny oant en mei 5 july.