Nije skoalle yn Wergea iepene

De nagelnije skoalle yn Wergea is woansdei op feestlike wize iepene troch de bern, it personiel en de âlden. Troch tsjinslach hat de nijbou fan de iepenbiere skoalle De Twamêster folle langer duorre as tocht.
It boubedriuw dat de skoalle boude, gie fallyt. Dêrtroch ha bern, juffen en masters moannen langer as pland yn konteners sitte moatten. Dêr gie it ek nochris in kear mis mei in gaslek. Yn april koe de skoalle lang om let yn gebrûk naam wurde.