Kontrôle fan WK op grut skerm

25 jun 2014 - 12:43

De hoareka makket him wer op foar de folgjende ronde op it WK. De wedstriid kommende snein fan Nederlân tsjin Meksiko sil wer foar folle kafees soargje. Op grutte skermen en televyzjes kin de fuotbalwedstriid wer folge wurde. Mar as in hoarekaûndernimmer soks oanbiedt, dan kostet dat jild. Se moatte in televyzje-lisinsje oanskaffe. Dogge se dat net dan binne se yllegaal dwaande en riskearje se in flinke boete. Undernimmers rinne it risiko kontrolearre te wurden troch Videma, in ynstânsje dy't oer rjochten giet.

Under wedstriden fan it Nederlânsk alvetal binne tsientallen kontroleurs op paad om ûndernimmers te trappearjen dy't yllegaal in skerm oan hawwe. In lisinsje ofslute kostet in lyts kafe ûngefear 200 euro yn it jier. Grutte saken betelje al gau in pear tûzen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)