Steuring by gemeente Ljouwert

25 jun 2014 - 09:52
Paspoart - Foto: ANP XTRA

By de gemeente Ljouwert kinne woansdeitemoarn gjin identiteitsbewizen ôfjûn wurde. Der is in technyske steuring dy't neffens in wurdfierder oant 11.00 oere duorret. Minsken dy't in ôfspraak hienen foar in nij paspoart of rydbewiis binne belle foar in nije ôfspraak. De oarsaak foar de technyske steuring is net bekend.

Trefwurden: 
Ljouwert rydbewiis paspoart
(advertinsje)
(advertinsje)