Teams Solar Challenge oankaam

24 jun 2014 - 21:44

Hieltyd mear bûtenlânske teams melde har yn Ljouwert foar de Solar Challenge boaterace. No sneon start dy yn de Blauwe Stad yn Grinslân. De teams fan Amearika, Bahrein en Sina binne yn Ljouwert ûnderbrocht. Nei de start farre de boaten, mei snelheden fan tusken de 40 oant 50 km yn de oere, nei Ljouwert. Se dogge dêr in wike oer en finishje yn de Prinsetún. It trajekt leit fêst en der mei allinnich mei boaten op sinne-enerzjy fearn wurde. Ferline jier waard de alvestêderûte folge, mar dêr is de organisaasje fan ôfstapt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)