Minder jild sportakkommodaasje

24 jun 2014 - 21:25

De gemeente Ljouwert wol seis ton besunigje op sportakkommodaasjes. De bedoeling is dat dizze akkommodaasjes har yn de takomst better selsstannich rêde kinne. Wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert tinkt dan bygelyks oan it sels skjinhâlden. Der hoecht dan net ien ynhierd te wurden en dat besparret jild. Hjirtroch kin de bydrage fan de gemeente nei ûnderen.

Neffens Ekhart dogge ferienings yn de doarpen yn de eardere gemeente Boarnsterhim dit al mear as de ferienings yn Ljouwert. Hy wol dit ferskil rjochtlûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)