Dyk It Amelân wurdt fersterke

24 jun 2014 - 20:46

De dyk oan de waadkant fan It Amelân wurdt oanpakt. Wetterskip Fryslân sil hjir april takom jier mei begjinne. De dyk moat fersterke wurde. Troch hegere wetterstannen foldocht de dyk net mear oan de easken. As alles goed giet dan is de dyk yn de hjerst fan 2017 wer op sterkte. Yntusken is de ynskriuwing foar oannimmers dy't it wurk dwaan wolle begûn. By de wurksumheden moat rekken hâlden wurde mei de fûgels op it eilân, mar ek mei de rekreaasje.

Trefwurden: 
Waadsee It Amelân dyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)