Mystearje mei auto's oplost

24 jun 2014 - 19:35

De mysterieuze stoet mei djoere auto's dy't tiisdei op ferskate plakken yn de provinsje ried, is fan de maresjesee. Yn de auto's sieten pommeranten út binnen- en bûtenlân. Se wiene op besite om in grutte oefening fan de maresjesee yn de Marnewaard yn Grinslân te besykjen. Dit is de grutste ynternasjonale oefening yn it 200-jierrich bestean fan de maresjesee. De hege funksjonarissen hawwe ôfrûne nacht yn in hotel yn Fryslân sliept. Fan dêrút binne se nei de Marnewaard riden.

Oan de grutte oefening dogge fjouwerhûndert minsken mei út Europa, de Afrikaanske Uny en oare partnerlannen. Der wurde ferskate senario's oefene, lykas in bankoerfal mei in autobom, it rêden fan minsken út in ynstoarten hûs of demonstraasjes nei oanlieding fan in oarlochsmisdiediger dy't oanhâlden is.

By de redaksje fan Omrop Fryslân kamen rûnom út de provinsje in soad meldingen binnen nei oanlieding fan de stoet. Mei ek omdat krusingen ôfsetten waarden as de stoet der oankaam. Dat foel in soad minsken op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)