'Ynsette op tips mishanneling'

De plysje set alles op alles om der achter te kommen wa't ferantwurdlik binne foar de mishanneling fan in 10-jierrich famke yn Ljouwert. It famke waard ferline wike freed op de hoeke fan de Grinzerstrjitwei mei it Frijheidsplein troch trije froulju fan de fyts trape. Dêrnei waard se skopt en slein wylst se op 'e grûn lei. De plysje hat noch gjin idee wa't de dieders binne, mar nimt de saak heech op. It famke hat in harsenskodding en blauwe plakken oprûn. Se is bot oandien troch wat der gebeurd is.
Minsken dy't mear witte fan de mishanneling wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje op tillefoannûmer 0900-8844 of mei Meld Misdaad Anoniem op 0800-7000.