Asbest nei brân wer oprêden

De gemeente Hearrenfean is tiisdei begûn mei it oprêden fan asbest. Dat kaam moandei frij by in fûle brân yn in garaazje by in wenning oan de Leliestrjitte. By de brân waarden buertbewenners al warskôge om ruten en doarren te sluten. De ôfsletten strjitten binne yntusken wer frijjûn. De buertbewenners meie werom nei harren huzen. Wol troch de foardoar, want de achtertúntsjes wurde uterlik woansdei skjinmakke.
It hûs dêr't de brân west hat, is noch net tagonklik, dêr moat noch fierder ûndersyk dien wurde.