Nije fertochten drugsûndersyk

© Omrop Fryslân
Yn it drugsûndersyk yn Noardeast-Fryslân binne opnij twa fertochten oanhâlden. Sy wurde fertocht fan it hawwen en ferhanneljen fan soft- en harddrugs. Dizze fertochten kamen yn byld fia eardere ûndersiken en meldings fan tsjûgen. It giet om in 34-jierrige man fan De Westereen, hy waard fan 'e moarn betiid yn Burgum oanhâlden, yn syn auto lei speed. Yn syn hûs waard noch mear speed fûn.
De twadde fertochte is in 35-jierrige ynwenner fan Wâlterswâld, dy't fan 'e moarn fan it bêd helle waard. Ek by him waard speed fûn.