Mear abonnees Frysk Deiblêd

24 jun 2014 - 14:44

It Friesch Dagblad hat der as iennichste krante yn Nederlân abonnees by krigen. Alle oare kranten leverje lêzers yn. Oan de ein fan it earste fearnsjier fan dit jier telde it deiblêd goed 14.000 beteljende lêzers. Yn deselde perioade in jier earder wiene dat der goed 13.500. Dat docht bliken út de nijste sifers fan it oplage-ynstitút HOI.

De Ljouwerter Krante stie oan de ein fan it earste kwartaal fan dit jier op goed 67.000 abonnees. It jier dêrfoar wiene dat der noch goed 72.500.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)